Oanlis keunstgersfjild Cambuur

04 jun 2013 - 14:57
  • Keunstgers

By Cambuur is tiisdeitemiddei in begjin makke mei de oanlis fan it nije keunstgersfjild. It fjild wurdt levere troch it bedriuw FieldTurf út Gouda. Neffens Cambuur direkteur Gerald van den Belt is it nije fjild ien dan de bêste dy't der op dit stuit te krijen binne.

De kar foar keunstgers is allerearst ynjûn troch finansjele needsaak. Keunstgers is goedkeaper as in nij fjild mei echt gers en fjildferwaarming. Wat it fjild krekt kostet wol Van den Belt net sizze.

It bedrach makket ûnderdiel út fan de 650.000 euro dy't de Ljouwerter klup útjout oan ferbetterings yn it stadion fanwege de promoasje nei de earedivyzje. It fjild moat uterlik op 19 july klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)