Oanlis graffitymuorre yn Snits

15 sep 2006 - 09:53

By it kompleks fan de fuotbalferiening LSC yn Snits is dizze wike in begjin makke mei it renovearjen fan twa tennisbanen en de oanlis fan in graffitymuorre. De 75 jier âlde betonbanen wurde opnij hurd makke mei asfalt.

Fierder komt der in nij kleurke op de banen. Ek de stekken en de bankjes wurde ferfongen. De graffitymuorre is bedoeld as 'gedoochsône'. Elk kin dêr spuitsje sûnder in bon te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)