Oanlis fytstunnel set út ein

28 feb 2010 - 16:05
  • Ympresje fan de nije fytstunnel

Wethâlder Krol jout moandei it startskot foar twa grutte wegebouprojekten yn Ljouwert. By de súdlike tagongwei by it Oostergoplein komt in fytstunnel en de Heliconwei by it WTC Expo krijt turborotondes.

De tunnel moat soargje foar in rappere berikberheid fan 'e stêd foar auto's. Dy moatte no noch faak wachtsje foar de ferkearsljochten as fytsers oerstekke. Nei ein dit jier kinne auto's flotter de stêd yn as fytsers troch de tunnel gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)