Oanlis fytstunnel Húns-Leons ûnder Westergoawei troch begûn

15 nov 2014 - 14:44
  • By Húns komt in fytstunnel ûnder de Westergoawei troch

By Húns-Leons is sneon in begjin makke mei de oanlis fan in fytstunnel ûnder de provinsjale Westergoawei troch. Mei in grutte kraan binne 24 tunneldielen teplak hyst. De wei is fanwege it wurk dit hiele wykein by Húns ticht. Ferkear kin der net del. De tunnel moat yn maart takom jier klear wêze.

De fytspassaazje is in grutte winsk fan de ynwenners fan Húns-Leons. Der hawwe in soad ûngelokken west op krúspunten fan de Westergoawei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)