Oanlis fytspaad Boelenswei

07 feb 2007 - 16:37

It fytspaad by de Boelenswei del, by Boelensleane, wurdt yn gedielten oanlein. De gemeente Achtkarspelen hat alle grûn noch net yn eigendom. Ynkoarten wurdt útein set mei de earste fase.

Om de lêste grûn yn hannen te krijen, begjint Achtkarspelen in ûnteigeningsprosedure. Dy kin ien oant twa jier duorje. De ynwenners fan Boelensleane wachtsje al jierren op in fytspaad benammen foar de skoalbern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)