'Oanlis diken better folgje'

13 sep 2007 - 21:09

De oanlis en it opknappen fan in hiel soad diken giet faak net sa, as at it yn de plannen beskreaun stie. De provinsje soe dêr folle better op tasjen moatte. Dat seit de Noardelike Rekkenkeamer. Dy hat ûndersocht oft de provinsje ferkearsprojekten wol goed plant en útfiert. De rekkenkeamer hat der wol begryp foar dat it allegear net like soepel ferrint, omdat it faak om grutte en drege projekten giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)