Oanlis bypass set út ein

27 maaie 2007 - 10:19

Rykswettersteat begjint tiisdei mei de oanlis fan de nije bypass op de rotonde fan de Jouwer. Dy is foar ferkear fanút Snits nei de Lemmer. Dat hoecht troch de nije bypass net mear oer it ferkearsplein.

Fanút de rjochting Snits stean faak files omdat it ferkear de rotonde net opkomme kin. De bypass moat de files beheine. It giet om in tydlike maatregel, bedriuwen is frege in definitive oplossing te betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)