Oanlis 40e minirotonde Ljouwert

22 mrt 2005 - 13:25

Der is tiisdei úteinset mei de oanlis fan in minirotonde op it krúspunt fan de Harnzersingel mei de Pier Panderstrjitte yn Ljouwert. De minirotonde moat 4 maaie klear wêze.

Der wurdt begûn oan de kant fan de grêft. Autobestjoerders kinne gewoan lâns dy rûte de stêd út. It ferkear dat de stêd yn wol, wurdt omlaat mei buorden. Foar in tal buslinen ferfalle de haltes oan Saailân, Harnzersingel, Europaplein en Spanjaardsleane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)