Oanleunwente yn Feanwâlden stiet fol reek

04 jul 2015 - 14:33
  • De brân wie yn it gebou mei de namme Swanneblom

De brânwacht hat sneontemiddei in brân yn in oanleunwente fan in fersoargingshûs oan de Tjipke Postmastrjitte yn Feanwâlden útmakke. It appartemint stie fol reek. Ien persoan waard troch de reek net goed en is troch meiwurkers fan de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De wenningen neist it troffen apparteming binne foar de wissichheid ûntromme. De heechwurker fan it korps yn Dokkum hat de reek mei in grutte fentilator út de wenning blaasd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)