Oanklacht yn rjochtsaak dongsilo Makkingea ferlege

16 okt 2015 - 14:13

It Iepenbier Ministearje hat de oanklacht yn de strafsaak oer it deadlik ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea ferlege. Neffens advokaat Tjalling van der Goot wurdt de direkteur fan Heeres Mix en Pomp Techniek fan Abbegea net langer dea troch skuld ferwiten, mar oertreding fan de Arbeidsomstandighedenwet.

No't de oanklacht leger is, kin de rjochtsaak neffens Van der Goot ek yn Ljouwert behannele wurde. It argumint om de saak yn Zwolle te behanneljen, wie dat fanwege de swiere oanklacht spesjalisearre rjochters nedich wienen.

Dat argumint ferfalt no, seit Van der Goot.

Op 19 juny 2013 kamen trije manlju om en rekke in fjirde swierferwûne, doe't se in dongsilo skjinmeitsje woenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)