Oanklacht tsjin feedumper

12 feb 2014 - 11:11
  • Kij yn 'e greide

Boer Lucas Bouma fan Jorwert tsjinnet in oanklacht yn tsjin in 42-jierrige feehâlder dy't jierrenlang deade en libbene kij dumpte op ferskate plakken yn Fryslân. Troch it ferlykjen fan DNA-materiaal koe de eigener begjin dizze moanne opspoard wurde. De man hat ek ferskate kearen kij dumpt op lân fan Bouma. Dy is dêrtroch ek sels in pear jier lang fertocht fan misstannen. Hy krige in minne namme en makke flinke kosten foar it oprêden fan de kadavers. Tsjin de 42-jierrige feehâlder is proses-ferbaal opmakke. Ek sil hy koarte wurde op subydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)