Oanjeftes tsjin oplichters

23 feb 2011 - 10:28

Tsjin de fjouwer ynwenners fan Meppel, dy't earder troch de plysje oppakt binne fanwege oplichting, binne 23 oanjeftes binnen kaam. Dat makke de plysje woansdei bekend. Ynwenners fan Noardwâlde, Easterwâlde, Ljouwert, Dokkum en Feanwâlden wiene dupearre.

De fjouwer bestelden sawol saaklik as privee guod en tsjinsten, ek hierden se ferskate gebouwen. Yn alle gefallen betellen se dêr net foar. De fjouwer wiene aktyf sûnt 2005. Se waarden ein jannewaris oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)