Oanjefte tsjin webside

24 jun 2004 - 15:08

It ynternetbedriuw ISD-Holland is oanklage troch skriuwer Treanor. Op de webside geenstijl.nl wurdt er mei de dea bedrige. De side wurdt op ynternet set troch it bedriuw op It Hearrenfean. De uteringen binne in reaksje op in stik fan Treanor oer in demonstraasje tsjin de deadebetinking.

Earder hie it reklameburo HSCG út Ljouwert problemen mei de side. It buro woe de side net mear hoste nei't digitaal ien mei dea bedrige waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)