Oanjefte tsjin PVV Fryslân

29 des 2011 - 13:00
  • PVV

Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën ûntkent alle beskuldigings fan fraude fan befeiligingsburo Proserve Recherche. Dy hat oanjefte dien 'poging ta oplichting' mei rekkens fan de befeiliging fan âld-fraksjefoarsitter Hiemstra. Hiemstra waard nei in oerfal yn syn hûs befeilige troch Proserve Recherche. Earst betelle it IM dat, mar yn oktober fûn it IM dat net mear nedich.

De PVV soe besocht hawwe om de kosten fan de ekstra befeiliging fan 12.000 euro mei in falske faktuer te deklarearjen by it iepenbier ministearje.

Kees de Jong fan Proserve seit dat hy e-mails hat as bewiis en dat der ek tsjûgen binne. Van der Galiën seit dat de PVV noait opdracht jûn hat en dat de befeiliging in saak wie fan Jelle Hiemstra sels. Hiemstra op syn beurt seit dat waarnimmend fraksjefoarsitter Pieter Buisman de befeiliging regele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)