'Oanjefte tsjin lestige man'

17 jan 2005 - 16:55

Minsken yn Feanwâlden dy't lestich fallen binne troch in bewenner fan de Lijsterstrjitte, moatte oanjefte dwaan by de plysje. Dy oprop hat boargemaster Aalberts dien. Hy hie moandei oerlis mei plysje en wenningbou oer de eskalearde sitewaasje yn it doarp.

Yn de Lijsterstrjitte binne dit wykein ruten yngoaid by de man dy't in Somalysk gesin fuortnarre ha soe. Der binne mear klachten oer de man. No hat de plysje te min om him oan te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)