Oanjefte tsjin kap beammen

14 jul 2009 - 12:13

Aksjegroep de Bomenridders hat by de plysje oanjefte dien fanwege de kap fan twa beammen op de Twabaksmerk yn Ljouwert. Neffens de aksjegroep wie der foar de kap fan de linebeammen gjin fergunning, om't der noch in beswierproseduere rûn.

De beammen moasten dêrwei fanwege de wurksumheden oan it Provinsjehûs. De Bomenridders neame it skandalich dat der sa nonsjalant omsprongen wurdt mei it bytsje grien dat der noch yn de binnenstêd fan Ljouwert is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)