Oanjefte nei bedriging fan parse by protestaksje supporters

08 aug 2015 - 11:10

Kameraman André Stoelwinder fan It Hearrenfean docht oanjefte tsjin de supporters fan SC Hearrenfean, dy't freedtejûn in protestaksje hâlden. Under it meitsjen fan bylden fan de aksje waard de parse bedrige en is mei fjoerwurk en glêzen nei de kameraminsken smiten.

Stoelwinder krige in glês op syn foet. Hy rekke net ferwûne, mar is bot skrokken. Fanwege de agressive hâlding fan de supporters koene kameraminsken har wurk net dwaan, seit Stoelwinder.

De aksje fan de supporters wie bedoeld as protest tsjin de cao-aksjes fan de plysje. Fanwege dy aksjes koe de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin De Graafschap freedtejûn net trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)