Oanjefte fia ynternet

14 feb 2006 - 10:11

Friezen kinne mei yngong fan woansdei 24 oeren deis op ynternet oanjefte dwaan by de Plysje Fryslân. Dat moat liede ta mear tefredenheid oer de berikberens fan de plysje.

De plysje hopet dat de drompel om oanjefte te dwaan lytser wurdt troch ynternet. Sa moat der in better sicht komme op de kriminaliteit yn de provinsje. Minsken kinne ek noch gewoan telâne by it plysjeburo foar it dwaan fan oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)