Oanjefte fan berôving wytplanten

05 jul 2003 - 00:00

De 35-jierrige eigner fan in coffeeshop op It Hearrenfean hat oanjefte dien fan berôving. Neist de coffeeshop hie de man mei syn heit ek noch in yllegale wytkwekerij.

Op 26 juny waarden de beide mannen op de kwekerij ferrast troch in pear dieven. Dy hiene alle planten út de kwekerij helle. By de fjochtpartij dy't folge, waard sketten op de heit en de soan. Dy rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)