Oanjager foar ideeën yn MKB

19 jul 2006 - 14:31

It midden- en lytsbedriuw yn Fryslân moat de kommende jierren mear dwaan oan it betinken fan nije ideeën. Der moat ek mear dien wurde om de eksport groeie te litten, fynt de provinsje. Dy lûkt dêrom trije ton út om in provinsjale 'oanjager' oan te stellen.

De man of frou mei dy funksje moat by MKB-bedriuwen del om de fernijende ideeën boppe tafel te krijen. Hy moat ek de kontakten tusken de bedriuwen ûnderling ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)