Oanholden mei nepwapens

02 maaie 2009 - 13:21

Twa jonges en in man út Drachten binne yn de nacht fan freed op sneon oanholden foar it besit fan nepwapens. In tsjûge hearde leven en warskôge de plysje. Dy trof op De Hemmen in man (24) en twa jonges (13 en 14 jier) oan.

De trije hiene nepmitrailleurs by har. Ek fûn de plysje noch in neppistoal en in pear bivakmûtsen. It guod is yn beslach naam en de manlju binne meinaam nei it plysjeburo. Wat de Drachtsters mei it guod woenen, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)