Oanholden foar mishanneling

07 des 2008 - 16:21

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 27-jierrige man út Rotterdam oanholden. Om 03.00 oere hinne kaam by de plysje de melding binnen dat der yn in diskoteek oan de Nijstêd yn Ljouwert in mishanneling plakfûn hie.

Op it plak ferklearre in 24-jierrige man út Ljouwert dat de Rotterdammer om ûnbekende reden in glês drank oer him leechsmiten ha soe. Dêrnei soe de fertochte it glês op syn holle stikken slein ha. De fertochte is oanholden, meinaam nei it buro en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)