Oanholden foar mishanneling

05 okt 2008 - 14:11

In 16-jierrige jonge út Ljouwert is sneintemoarn betiid oanholden op fertinking fan mishanneling fan in 31-jierrige plakgenoat. De man foel yn in hoarekagelegenheid de freondinne fan de 16-jierrige lestich.

Doe't de jonge der wat fan sei, krige er in pear tikken op it wang. Hjirnei sloech de jonge de man yn it gesicht. De plysje kaam der by en dy frege de jonge en it famke om nei hûs ta te gean. Mar de man die dêrnei oanjefte. De jonge is letter yn de stêd oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)