Oanholden foar mishanneling

26 feb 2007 - 10:41

De plysje hat sneontenacht in jonge fabn 15 út Easterwâlde oanholden foar mishanneling. Om trije oere hinne hearde in 43-jierrige man út dat plak in groep jonges oankommen. Neffens him hiene sy earder syn tún fernield.

De man pakte ien fan de jonges, mar dy sloech de man in pear kear tsjin de holle. Dy man rekke dêrtroch ferwûne, mar wist de jonge dochs beet te hâlden. De plysje hat de jonge oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)