Oanholden foar brânstifting

06 jun 2009 - 14:19

De plysje hat freedtemiddei yn Ljouwert twa jonges fan 14 en 15 jier oanholden. Se wurde fertocht fan brânstifting yn in leechsteande skoalle oan de Cornelis Trooststrjitte.

De plysje hie in melding krigen dat der twa jonges it gebou yn gien wiene. Doe't de plysjes oankamen troffen se de beide jonges oan dy't krekt dwaande wiene in bulte papier oan te stekken. De jonges moasten it fjoer útmeitsje en binne doe meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)