Oanholden foar bedriging

24 maaie 2010 - 14:35

De plysje hat sneintenacht in 34-jierrige man en syn 23-jierrige freondinne fan De Jouwer oanholden foar bedriging. Earder op 'e jûn wiene de twa behelle yn in rûzje. Yn de Dr. Wumkesstrjitte hie in 22-jierrige man spul mei syn 21-jierrige freondinne.

De 23-jierrige frou bemuoide har dermei. De man sei dat se dat net dwaan moast. Dêrop kaam de 34-jierrige fertochte derby. Dy rjochte in wapen op de 22-jierrige Jouster. Dy naaide tegearre mei syn freondinne út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)