Oanholden foar bedriging

23 aug 2009 - 16:27

De plysje hat sneintemoarn in 33-jierrige Ljouwerter oanholden omdat er twa portiers fan in diskoteek oan de Nijstêd bedrige hie. De man wie út de diskoteek set omdat er him net oan it smookferbod holden hie.

Bûten op strjitte bedrige er de beide manlju. Doe't er fuortgong en letter wer weromkaam en de portiers opnij bedrige, waard er oanholden. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten. Hy hat proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)