Oanhingweinkontrôle Drachten

16 okt 2011 - 16:41

De plysje hat sneon yn Drachten in kontrôle op oanhingweinen holden. Op yndustryterrein De Haven waarden 116 weinen kontrolearre op rydbewiis BE, technyske steat, ladingsekering, gewicht en papieren.

36 bestjoerders krigen in warskôging foar ferljochting, kentekengebrûk en it brûken fan de helpkoppeling. Der waarden fiif bekeurings útdield. De plysje stelde fêst dat de bestjoerders fan de oanhingweinen de saken oer it algemien goed foar elkoar hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)