Oanhingweinen stellen by Gamma

08 aug 2006 - 16:20

Op de parkearterreinen by de twa boumerken fan Gamma yn Drachten binne de ôfrûne moannen fiif oanhingweinen stellen. De direksje fan de Gamma warskôget syn klanten fan de festigings oan De Hemmen en de Martin Luther Kingsingel no mei plakaten oan de muorre fan de winkel.

De oanhingweinen wurde stellen op it momint dat de klant efkes in pear minuten yn de boumerk is. Der binne no kamera's ophongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)