Oanhingwein yn brân stutsen yn Lekkum

23 jul 2015 - 10:25
  • Brânwacht

Oan it Tsjerkepaed yn Lekkum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in oanhingwein yn 'e brân stutsen. It fjoer drige oer te slaan nei in hûs en in oare auto. Plysje en brânwacht koene dit foarkomme troch it rút fan de auto yn te slaan, sadat dizze fuorttreaun wurde koe.

De baarnende oanhingwein hawwe se fan de oprit ôfrôle en blust. De plysje docht in buertûndersyk nei de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)