Oanhingwein stellen út Ljouwerter garaazjeboks

17 apr 2015 - 10:03
  • Argyffoto

By in ynbraak yn in garaazjeboks yn Ljouwert is ûnder oaren in oanhingwein stellen. De ynbraak moat west hawwe tusken woansdeitejûn njoggen oere en tongersdeitemiddei twa oere. De garaazjeboks stiet oan de Jan Vethstrjitte yn de wyk Huzum-West. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe, te beljen mei it algemiene plysjenûmer 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)