Oanhingwein lossketten by Holwert

16 aug 2015 - 08:10

Op de Grândyk by Holwert is sneontejûn in auto tsjin in oanhingweintsje botst. It weintsje wie tusken it doarp en de feardaam fan de trekheak fan in auto sketten. Hoe't dat gebeure koe is ûndúdlik.

De auto dy't der efter ried, koe it karke net mear ûntwike en hat skea oprûn oan de bumper en de ferljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)