Oanhingers Hearrenfean ferbaarne spandoek Cambuurtribune

15 feb 2015 - 10:28
  • Cambuurspandoek yn 'e brân stutsen
  • Spandoek fan de MI-side Cambuur yn bettere tiden

SC Hearrenfeansupporters hawwe sneontejûn yn it sintrum fan It Hearrenfean in spandoek fan de hurde kearn fan Cambuur ferbaarnd. It spandoek heart by de tribune fan de saneamde 'MI-side'. It hinget dêr al jierren. De Feanfans hiene it spandoek stellen en meinaam.

De wedstriid Cambuur-Hearrenfean begjint sneintemiddei om healwei ienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)