Oanhinger oer de kop: A32 rjochting Swolle stremd west

20 jul 2015 - 16:13

Op de sneldyk ter hichte fan Oranjewâld by It Hearrenfean is moandeitemiddei in bestelbuske mei in oanhinger dwers op de dyk kommen te stean. Hjirby is de oanhinger oer de kop flein. Der siet in lading stien yn. By it ûngelok binne gjin minsken ferwûne rekken.

It ferkear yn de rjochting fan Swolle moast wol rekken hâlde mei fertraging. Under oaren de stiennen moasten opromme wurde en de dyk moast skjinmakke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)