Oanhâldings yn drugsûndersyk

22 mrt 2013 - 11:06
  • Himp

De plysje hat de ôfrûne wike yn in drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân in 25-jierrige Eanjumer oanhâlden. Yn it hûs fan de man fûn de plysje in himptinte mei 18 folgroeide planten. Yn de auto fan de man lei in stroomstjitwapen.

Ek in 26-jierrige ynwenner fan Kollum is oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan de hannel yn drugs. Yn syn hûs kamen in soad drugsgebrûkers. Yn syn hûs waard weed, amfetamine, XTC en GHB brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)