Oanhâldings saak feesttinte

07 jan 2011 - 11:45

Trije ynwenners fan Surhústerfean fan 16, 17 en 20 jier binne ôfrûne wike oanholden yn ferbân mei in mishanneling. Yn de nacht fan âld en nij waard by de feesttinte yn it doarp in 17-jierrige ynwenner fan Surhústerfean troch de fertochten mishannele.

Nei ûndersyk koe de plysje dizze wike de trije oanhâlde. De fertochten hawwe in bekentenis ôflein. Ynkoarten moatte se foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)