Oanhâldings Profronde

03 aug 2011 - 10:17

De plysje hat tiisdei nei de Profronde fan Surhústerfean fjouwer minsken oanhâlden. Twa jonges út Doezum binne pakt nei in mishanneling yn in parkje oan de Alde Jirden. By de ôfhanneling fan it ynsidint is de fyts fan ien fan de plysjes stellen. Dêrfoar is letter in 15-jierrich famke út Gruttegast oanhâlden.

In 46-jierrige man út de Grinzer Pein is oanhâlden om't er him ferfelend gedroech by de fideowein fan de bewakingskamera's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)