Oanhâldings by plysje-aksje

05 okt 2007 - 10:22

De plysje hat tongersdei preventyf fûllearre yn Ljouwert. Dêrby binne trije fertochten oppakt. In 24- jierrige Ljouwerter hie 12 gram kokaïne by him en goed 900 euro oan kontant jild. In 52-jierrige stedgenoat hie in nepwapen by him.

In 31-jierrige ynwenner fan Ljouwert moast mei nei it buro foar heling fan in fyts. Tweintich minsken krigen proses-ferbaal, fiif fan har om't se in mes by har hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)