Oanhâldings op Illegal Vibes

26 maaie 2013 - 13:12

De plysje hat sneontejûn op dancefeest Illegal Vibes yn Harns achttjin minsken oanhâlden fanwege it besit fan drugs. De plysje sette in drugshûn yn by it kontrolearjen fan de besikers. Alle oanhâlden fertochten binne heard. Sy krigen in boete tusken de 450 en 650 euro.

Dancefeest Illegal Vibes duorre fan 12.00 oere middeis oant 12 oere nachts en luts sa'n 700 leafhawwers. De plysje hat by de kontrôles gearwurke mei de befeiliging fan de organisaasje. Nei ôfrin fan it feest wiene der drugs- en drankkontrôles yn Harns en Berltsum.

Yn Berltsum waarden trije autoriders oanhâlden omdat se nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer sieten. Om dat ek bewize te kinnen waard harren in bloedproef ôfnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)