Oanhâldings op 'e Gordyk

27 nov 2010 - 14:55

De plysje hat yn de Haadstrjitte op De Gordyk ôfrûne nacht meardere minsken oanholden yn ferbân mei geweld en mislediging. De plysje krige in melding dat in 22-jierrige Gordykster mishannele wie troch twa mannen.

Der waard in oanhâlding dien en dêr wiene in tal omstanners it net mei iens. De plysje moast fersterking komme litte. Dêrop waarden noch ris trije minsken oanholden. Under oaren foar it slaan fan in plysje-agint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)