Oanhâldings op Dance Tour

06 jul 2009 - 09:54

Op dûnsfeest Dance Tour op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert hat de plysje twa jongemannen oanhâlden op fertinking fan drugshannel. Wylst se stiene te pisjen wikselen de 21-jierrige manlju út Drachten en Grins in pûdsje út.

Oan 'e ein fan it feest besocht in 25-jierrige Ljouwerter it feestterrein op te kommen. Hy waard tsjinhâlden troch befeiligers. Yn de fjochterij dy't dêrop folge bruts in befeiliger in skonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)