Oanhâldings by Oktoberfest

21 okt 2012 - 12:58
  • Oanhâlden

By it Oktoberfest op De Jouwer binne sneontejûn trije minsken oppakt. Yn in feesttinte oan de Sinnebuorren waard in man fan 31 út Wikel oanhâlden omdat er in plysjeman mishannele hie. De man kaam tuskenbeide by in arrestaasje, wêrtroch't de fertochte útnaaie koe. De Wikeler fersette him tsjin syn oanhâlding en dêrby rekke de plysje ferwûne.

In man út Tsjerkgaast waard oanhâlden, omdat er in befeiliger op it feest mei de dea bedrige hie. In man út Sint Nyk moast mei nei it plysjeburo omdat er in lampe yn de feesttinte fernield hie.

De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)