Oanhâldings nei fjochtpartij op De Lemmer

08 feb 2015 - 11:48

Op De Lemmer binne sneontenacht trije minsken oanholden by in kafee op de Koartestreek. In man fan 52 jier mocht it kafee net yn en doe't er it dochs besocht, waard er der útset. De man waard agressyf en de plysje hat him oanholden. De man hie ek noch harddrugs by him.

Letter hat de plysje fanwege in fjochtpartij op de Koartestreek twa minsken oanholden. By de knokpartij is mei flessen slein en de portier fan it kafee krige bedrigings nei de holle. In man fan 20 en in frou fan 23 út Twello binne meinommen nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)