Oanhâldings nei fjochtpartij

23 jul 2010 - 19:56

De plysje hat freed in 25-jierrige ynwenner fan Amsterdam en in 25-jierrige ynwenner fan Wieringerwerf oanhâlden. Se soene in 28-jierrige ynwenner fan Ljouwert slein hawwe. De Ljouwerter rûn dêrby ferwûnings op oan it gesicht.

Surveillearjende plysjeminsken seagen it trijetal yn de Nijsteech fjochtsjen. Tsjûgen wiisden de manlju út Amsterdam en Wieringerwerf oan as de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)