Oanhâldings nei Cambuur-Haarlem

13 nov 2006 - 10:08

De plysje hat snein by de wedstryd Cambuur-Haarlem fjouwer supporters oppakt: twa fan Cambuur en twa fan Haarlem. In 13-jierrige Ljouwerter fernielde yn it stadion in stuoltsje. In oar waard oppakt omdat er nei de wedstryd in auto bekûgele.

De twa Haarlem-fans waarden oanholden omdat se in tûke nei in steward smieten en in steward misledigen. Alle fjouwer binne nei ferhoar wer nei hûs ta stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)