Oanhâldings nei buorrerûzje

29 jul 2002 - 00:00

Op de Voergang yn Drachten is ôfrûne wykein in buorrerûzje útrûn op in fjochtpartij. Under it fuotbaljen skopte in 20-jierrige jonge de bal yn de tún fan de buorlju.

De buorman waard lilk en pakte de jonge fêst. Dy rekke ferwûne oan 'e hals. De jonge syn heit akseptearre dat net en fernielde trije ruten by syn buorman. De trije belutsenen binne oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)