Oanhâldings geweld yn Snits

13 sep 2009 - 16:15

Twa Snitsers fan 19 en 22 jier, in Lemster fan 27 en in Ljouwerter fan 30 binne sneontenacht yn Snits oanholden. Se wurde fertocht fan iepenlik geweld tsjin persoanen. De fjouwer hiene yn in hoarekagelegenheid oan de Nauwe Noorderhorne spul krigen mei in tal oare besikers. Dat rûn út op in grutte fjochtpartij.

Doe't de plysje kaam rûnen de fjouwer krekt fuort. De plysje koe se oanhâlde en oerbringe nei it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)