Oanhâldings foar ynbraak

25 mrt 2013 - 17:00
  • Ynbraak

De plysje hat fjouwer manlju oanhâlden foar in ynbraak yn in wenning oan de Tilmaad yn Easterwâlde, earder dizze moanne. It giet om manlju út Easterwâlde, Eesergroen, Grins en Dwingeloo.

By de ynbraak waarden in televyzje, in kompjûter en twa spulkompjûters stellen. De ynbrekkers wiene deryn kommen troch in rút yn in doar te fernielen. De plysje koe de fertochten al nei in pear dagen oppakke. Trije fan de fjouwer mochten nei ferhear en it opmeitsjen fan proses-ferbaal wer nei hús ta.

De man út Eesergroen moast langer bliuwe, omdat er him net hâlden hie oan de betingsten fan in eardere straf. It stellen guod waard by ien fan de manlju weromfûn en koe weromjûn wurde oan de eigener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)