Oanhâldings foar strjitrôf

13 apr 2011 - 10:23

De plysje hat tiisdeitemiddei op de Koeriersespel yn Ljouwert twa manlju oanhâlden foar in strjitrôf op de Esdoornstrjitte. in 16-jierrige jonge melde de strjitrôf by de plysje, de manlju hiene ûnder bedriging fan in fjoerwapen syn i-Pod ôfpakt.

Hy koe in goed sinjalemint fan de fertochten jaan en sa koe de plysje de iene fertochte op de Koeriers-espel oanhâlde. De twadde fertochte naaide earst út, mar koe letter dochs oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)