Oanhâldings foar stekpartij

25 sep 2004 - 12:22

De plysje yn Ljouwert hat freed twa manlju oanhâlden yn ferbân mei de deadlike stekpartij, de nachts dêrfoar yn de Grutte Heechstrjitte. It giet om twa manlju fan 26 en 27 jier út de Fryske haadstêd. De twa binne bekenden fan de plysje.

By de stekpartij is in 32-jierrige Ljouwerter om it libben kaam. De man is ferskate kearen mei in skerp foarwerp stutsen. De plysje hat in team fan 25 resjersjeurs op de saak set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)